Streuper eine-aaien trappearre

Op it Van Panhyskanaal, tusken Tsjerkwert en Makkum, binne freed trije manlju trappearre op it meinimmen fan eine-aaien. De plysje trof de manlju oan mei in boatsje by it reid. Doe't se flakby de Panhuysbrêge by de plysjes del fearen, lege in 43-jierrige Snitser gau in amer mei aaien yn it wetter.
De man is meinaam nei it buro. Mei in skepnet binne de aaien út it wetter fiske. It gie om 16 eine-aaien, 3 guozze-aaien en 3 merkelaaien.