Soad harkers foar Koperkanaal

It nije Koperkanaal fan Omrop Fryslân hie it ôfrûne wykein in goeie start. De webradio foar leafhawwers fan hafabra-muzyk is oant no ta al troch mear as 6500 minsken beharke. Freed, twa dagen nei de lansearring, wiene der sa'n 1800 harkers. It kanaal is ek al troch sa'n 450 Litouwers beharke. Dat komt trochdat in band út Litouwen sneon yn Drachten spile op it ONFK.
Ek Omroplive.nl luts it ôfrûne wykein in soad sjoggers. Sa'n 9.000 minsken folgen it Fanfarekampioenskip on-line.