Moanne fan de feiligens begûn

Deputearre Schokker joech it startsein
By Jeugdhulp Friesland is moandei de moanne fan de feiligens begûn. Der wurdt omtinken jûn oan bygelyks de brânfeiligens, mar ek oft de bern har goed fiele by har pleechgesin of deiopfang. Boppedat wurdt neitocht oer de feiligens fan de klantgegevens yn de kompjûter.
It startsein foar de temamoanne waard moandeitemoarn jûn troch deputearre Schokker.