Burgernet foar hertstilstân

04 apr 2011 - 10:09

Yn de Súdwesthoeke wurdt moandei begûn mei in proef om te sjen oft mei help fan Burgernet minsken mei in hertstilstân gauwer help krije kinne. It Antonius sikehûs yn Snits hat sa'n tûzen minsken yn it gebiet in oplieding jûn oer hoe't je mei in AED-apparaat in persoan reanimearje kinne.

As by de meldkeamer yn Ljouwert in melding komt fan in persoan mei in hertstilstân krije frijwilligers dy't yn de buert fan it slachtoffer binne, in sms-berjocht op har mobile telefoan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)