Miljoen tekoart foar Ljouwert

04 apr 2011 - 08:33

De gemeente Ljouwert hat 2010 ôfsletten mei in tekoart fan goed 1 miljoen euro. Trochdat de wurkleazens tanaam, waard der mear jild útjûn oan útkearings. De gemeente hie ek te min jild foar de útfiering fan de Wet maatschappelijke ondersteuning.

Fierder kaam der hast in miljoen euro minder binnen út de grûnferkeap. Der is 2,5 miljoen besunige op de arbeidskosten. Dat koe troch fakatueres net yn te foljen en minder minsken fan bûten oan te nimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)