Museumwykein: 15.000 besikers

04 apr 2011 - 07:18

Op it museumwykein binne dit jier yn Fryslân goed 15.000 minsken ôfkaam. It Kazemattemuseum yn Koarnwertersân wie mei 1800 besikers it populêrst. Yn Ljouwert kamen goed 1200 minsken nei it Natuurmuseum Fryslân en dik tûzen nei it Fries Museum. Meardere iepenloftmusea lutsen dit museumwykein folle mear besikers as de ôfrûne jierren. Yn guon gefallen wiene der 200 oant 300 persint mear besikers. Sa hie de Spitkeet op 'e Harkema hast 650 besikers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)