Autisten krije ferkearde help

04 apr 2011 - 06:12

It net goed behanneljen fan autisme soarget derfoar dat tûzenen Friezen alle dagen thús sitte. Se kinne net nei skoalle en ek komme se net oan it wurk, omdat der net goed omgien wurdt mei harren sykte. Dat seit de Nederlânske Feriening foar Autisme.

Skoallen en bedriuwen witte faak net goed hoe't se mei autisten omgean moatte en dus komme minsken thús te sitten. Dat kostet de Fryske ekonomy alle jierren miljoenen euro's.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)