Race op Holwerter pier

03 apr 2011 - 17:21

In 29-jierrige Holwerter moast dit wykein syn rydbewiis ynleverje by de plysje. Hy waard knipt by in laserkontrôle op te hurd riden. Dat wie op de daam nei de boat dy't nei It Amelân oerfart.

De Holwerter ried mei in gong fan 144 kilometer yn 'e oere oer de pier. Dêr mei net hurder as 80 riden wurde. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)