Lillehammer foar wettersporter

03 apr 2011 - 12:41

In gebou dat earder te finen wie op de Olympyske Winterspelen yn Noarwegen is no wettersportsintrum op De Westereen. De Spelen wiene yn 1994 yn Lillehammer. Fryske reedriders hawwe dêr doe wichtige prizen wûn.

Letter is it gebou oerbrocht nei Dokkum dêr't it jierrenlang brûkt is by it asylsikerssintrum. Sneon is op 'e Westereen in nij libben begûn ûnder de namme 'Lillehammer'. Der sitte ûnder oare dûs- en wc-romtes yn foar wettersporttoeristen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)