Brân yn mole foarkaam

Mole De Windlust (Foto: Lenus van der Broek)
Plysje en omwenners hawwe sneontenacht foarkaam dat der brân ûntstie yn mole De Windlust yn Wolvegea. Unbekenden hiene konifearen by in hûs tichtby de mole yn 'e brân stutsen. Troch it fjoer op tiid út te meitsjen koe foarkaam wurde dat ek de mole troffen waard.
De plysje hopet mei help fan tips de brânstifters op it spoar te kommen. De brân wie om in oere as fjouwer.