Jonge Friezen helje finale net

03 apr 2011 - 09:38

De twa Fryske dielnimmers oan it Prinses Christina Concours binne stykjen bleaun yn de heale finale. It giet om sjonger Sander de Jong (17) út Snits en marimbaspiler Coen Dijkstra (16) út Ljouwert. Se makken diel út fan in groep fan 30 muzikanten dy't sneon yn Den Haach de kâns krige him te pleatsen foar de finale.

It Prinses Christina Concours is in wedstryd foar muzikanten fan 12 oant en mei 19 jier. Der diene dit jier sa'n 500 jongeren oan mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)