Fanfare EMM wint kampioenskip

Fanfare Eendracht Maakt Macht fan Aldegea (W) ûnder lieding fan Piet Groeneveld is sneontejûn winner wurden fan de Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen yn de Lawei yn Drachten. It orkest helle 90 punten op it ferplichte wurk 'Sonata da Chiesa' fan Rob Goorhuis.
It wie de earste kear dat de Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen hâlden waarden. Der diene 44 orkesten oan mei. De wedstriid wie te folgjen op omroplive.