Harkemase Boys wint wer ris

02 apr 2011 - 16:27

Harkemase Boys hat sneon nei fiif ferliespartijen wer ris wûn. Genemuiden waard mei 5-0 ferslein mei troch in pear gefaarlike frije trapen fan Oebele Schokker.

Earst yn de 50ste minút iepene Martijn Barto de skoare nei in frije traap fan Schokker. Dêrnei skoarden René van der Wey en nochris Barto, nei gefaarlike ynsetten fan Schokker. Krohne en Barto makken de fiif fol. De nije trainer Wieb Rodenhuis siet noch op de tribune.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)