Nije húsartsen by Dokterswacht

02 apr 2011 - 14:33

De Dokterswacht Fryslân krijt der wer in tal nije húsartsen by. It giet om de dokters fan Sibrandabuorren, Drylts, Boazum en twa yn Heech. Dat hawwe se harren pasjinten yn in brief witte litten.

Oant no ta fersoargen de húsartsen om bar nachts en wykeins de helpferliening. Mei yngong fan 2 maaie nimt de Dokterswacht dat oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)