Auto oer de kop yn sleat

02 apr 2011 - 14:16

In man fan tweintich jier út Nijlân is sneon op de Tolhek yn Ysbrechtum ferwûne rekke by in ûngelok. Hy soe ynhelje mei de auto, mar hie dêr te min romte foar. Dêrom moast er bot remje en doe koe er de auto net mear yn 'e macht hâlde.

De auto botste tsjin in beam en bedarre dêrnei oer de kop yn de sleat. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)