Ferwûne troch fallende tûke

02 apr 2011 - 13:45

In 24-jierrige man út Tsjom is oan 'e ein fan de moarn oan de Hemert yn Burchwert slim ferwûne rekke. De man wie achter in boerepleats dwaande om in tûke fan in beam ôf te seagjen. Hy krige de tûke op 'e holle en rekke út 'e tiid.

De traumahelikopter waard ynskeakele by it ûngelok. It slachtoffer is mei harsenletsel mei de helikopter nei it sikehûs yn Grins oerbrocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)