Peetoom nije CDA-foarsitter

02 apr 2011 - 13:29

Ruth Peetoom is de nije foarsitter fan it lanlike CDA. Se behelle sneon de measte stimmen yn Den Haach. De striid gie tusken har en Sjaak van der Tak, boargemaster yn Westland.

Fan de nije foarsitter wurdt in soad ferwachte fanwege de minne ferkiezingsútslaggen fan 'e lêste tiid. Foarsitter Douwe Tamminga fan it CDA yn Fryslân hie ek al in foarkar foar Peetoom. Sy wol neffens Tamminga út de leden wei de politike koers fan de partij bepale.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)