Nij MFC Burdaard iepene

02 apr 2011 - 13:25

Yn Burdaard is sneon in nij multyfunksjoneel sintrum offisjeel yn gebrûk naam. It giet om in grut gebou. Dêr is plak foar ûnder oare in medysk soarchhûs en berne-opfang, in pjutteplak en in mediateek. Dy lêste is foar de tsjinoerlizzende basisskoalle De Welle. Bûtendoar binne tennisbanen en komt noch in swimbad.

Fierders binne der gearkomstsalen en in teaterseal mei in poadium. It nije MFC hat mei-inoar 4 miljoen euro koste. Burdaard hat 1200 ynwenners.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)