Keatskantine yn skoalle

02 apr 2011 - 12:53

Keatsferiening Us Keatsen yn Akkrum krijt dochs in nije kantine. Dy komt yn de nije skoalle dy't de gemeente Boarnsterhim sette lit yn Akkrum. Foar dy skoalle plus in nije skoalle yn Grou is mei-inoar mear as tolve miljoen euro nedich. Fan dat jild wurdt 45.000 euro brûkt om de kantine te meitsjen.

In nije losse kantine kostet mear as 20.000 euro ekstra. De gemeente hie earder ôfpraat de keatsferiening in nije kantine te jaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)