Agressive Ljouwerter oppakt

Yn Ljouwert is freedtenacht in 46-jierrige man út de stêd oanhâlden, omdat er in meiwurker fan in kroech oan de Tunen slein hie. De plysje hie dêr in melding oer krigen.
De plysje fûn de man yn de Nieuwesteeg. Hy wie agressyf en wurke net mei doe't de plysjes him oanhâlde woene. Mei help fan pepperspray slagge it om de man yn de boeien te slaan en nei it plysjeburo te bringen.