Feroarsaker ûngelok trochriden

De plysje siket om de bestjoerster fan in auto dy't freed yn Appelskea in famke fan njoggen oanriden hat. It famke stuts de Van Emstwei oer en waard doe oanriden troch in frou yn in swarte auto. De frou is wol útstapt om it famke te freegjen hoe't it mei har gie. Doe't it slachtoffer sei dat it goed wie, is de frou wer ynstapt en fuortriden.
Omdat it famke wol ferwûne rekke is en har fyts ek stikken is, wol de plysje dochs mei de autobestjoerster prate.