SBB: hûn oan tou

Boskwachters fan Steatsboskbehear binne ekstra wach op losrinnende hûnen. It is it briedseizoen en fûgels hawwe ferlet fan rêst en stilte. Der binne ek in soad drachtige bisten.
In soad minsken hâlde har net oan it gebod dat se de hûn oan tou ha moatte. It kin dan barre dat hûnen fûgels en oare bisten fuortjeie of oanfalle. Koartlyn waard yn in natuergebiet yn Súdeast-Fryslân in drachtige ree sa bot ferwûne troch in hûn dat it bist ôfmakke wurde moast.