Nije spilers op De Harkema

De fuotballers Marcel Pannekoek en Ewald Koster sille yn it nije seizoen by topklasser Harkemase Boys spylje. Pannekoek komt yn augustus oer fan it Grinzer PKC '83. Ewald Koster hat de lêste jierren foar BV Veendam spile. Beide manlju binne har fuotbalkarriêre begûn by de profklup FC Grins.
Neist de transfer fan beide Grinzers is der ek in akkoart sletten mei international Lesly Fellinga fan Haïty. Hy sil ek kommend seizoen op it fjild fan Harkemase Boys stean.