Balstiennen foar soarchsintrum

01 apr 2011 - 17:25

Soarchsintrum Haersmahiem yn Bûtenpost hat in tsiental grutte balstiennen krigen fan de gemeente. De stiennen fan soms wol oardel meter yn trochsnee komme nei alle gedachten út Skandinavië en binne yn de iistiid yn Bûtenpost bedarre.

Se binne fan grutte histoaryske wearde. De balstiennen binne opgroeven by de wurksumheden oan de súdlike rûnwei en hawwe no in plakje krigen yn de tún fan it soarchsintrum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)