Handicaptemaneezje De Sweach

01 apr 2011 - 16:45

De nije maneezje 'Onder de Linde' yn Beetstersweach is freed iepene. It nagelnije ûnderkommen stiet op it terrein fan Lindesteyn en wurdt in soad brûkt troch bern mei in beheining. De âlde maneezje stie der al mear as 30 jier en foldie net mear oan alle regels.

Foar oardel miljoen euro is in nij ûnderkommen boud. It jild komt fan partikulieren en grutte fûnsen. De nije maneezje is hast twa kear sa grut as de âlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)