Boete nekt Stille Genieter

01 apr 2011 - 15:47

Gooitzen de Haan, ook wel bekend als De Stille Genieter, moat betelje. De radiopiraat fan De Harkema komt net ûnder in boete fan in lytse tsientûzen euro út dy't er yn 2002 krige. Jierren hat er dêr tsjin prosedearre, oant de Ried fan Steat ta.

Yn 2002 krige De Haan besite fan it Agentschap Telecom en moast er syn stjoerder ynleverje. Hy focht de boete oan mei as gefolch in jierrenlange juridyske striid. De Haan wol no noch ien kear útstjoere en dan is it klear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)