Undernimmersatelier yn Warkum

01 apr 2011 - 15:34
  • Foto: Douwe Boersma

It Jopie Huisman Museum is op syk nei ûndernimmers dy't it museum stypje wolle. It Warkumer museum hat dêrfoar it 'ûndernimmersatelier' opset. It is in soarte fan sakeklup, lykas by de grutte fuotbalklups. Foar 300 euro yn it jier kinne ûndernimmers lid wurde. It museum ferwachtet dit jier 100 bedriuwen binnen te heljen.

Twa meiwurkers fan it museum sille op 'en paad op syk nei ûndernimmers dy't lid wurde wolle fan it ûndernimmersatelier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)