Underwiisynspeksje yn Ljouwert

01 apr 2011 - 15:20

De kwaliteit fan it Fryske basisunderwiis ferbetteret. Dat sei haadynspekteur Leon Henkens fan de Ynspeksje fan Underwiis freed by de iepening fan it nije regiokantoar yn de Ljouwerter Achmeatoer. De ynspeksje komt fan Grins en smyt Ljouwert 30 arbeidsplakken op.

20 april wurdt it rapport oer de ûnderwiiskwaliteit bekend. It nije regiokantoar sil tafersjoch hâlde op 1600 skoallen yn Fryslân, Grinslân en parten fan Drinte en Noard-Hollân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)