Gjin film oer Foekje Dillema

01 apr 2011 - 11:06
  • Gjin film oer Foekje Dillema, wol oer Fanny Blankers-Koen

De film oer it libben fan atlete Foekje Dillema fan Boerum giet net troch. Sineast Pieter Verhoeff hie dêr plannen foar, mar it Filmfûns kiest foar in film oer Fanny Blankers-Koen. Verhoeff is teloarsteld oer it misrinnen fan de film oer Dillema, dy't yn 2007 ferstoar.

Dillema rûn yn 1950 in Nederlânsk rekôr op de 200 meter, mar waard flak dêrnei skorst troch de atletykuny. Ut in seksjetest soe bliken dwaan dat se gjin frou wêze soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)