Oanjefte tsjin Bernlef

01 apr 2011 - 10:11

De provinsje Fryslân docht freed, 1 april dus, oanjefte fan de ferbaarning fan in flagge troch de Grinzer Fryske studinteferiening Bernlef. Bernlef hie fjouwer flaggen krigen om Fryslân yn Grins te promoaten. Mar omdat der in Hollânsktalige tekst op stiet, ha de studinten in flagge ferbaarnd.

De provinsje seit dat it ferbean is om sûnder tastimming provinsjale eigendommen te ferbaarnen. Allinne as Bernlef foar it wykein ekskuzes oanbiedt, giet de oanjefte net troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)