Fertutearze huzen opknappe

01 apr 2011 - 10:06
  • It gemeentehûs yn Dokkum

Dongeradiel wol de fertutearze wenten yn de gemeente ferplicht opknappe litte. De gemeente wol dêrfoar de regels yn de welstânsnota oanpasse. Minsken dy't har hûs net opknappe wolle, kin dan in twangsom oplein wurde.

Neffens de gemeente binne der op it stuit net in soad fan ditsoarte gebouwen, mar it is wol in groeiend probleem. Troch de ekonomyske krisis soene minsken har huzen earder ferslofkje litte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)