Súdwest Fryslân hâldt namme

01 apr 2011 - 09:51

It sjocht dernei út dat de gemeente Súdwest Fryslân fierder giet ûnder dy namme. De gemeenteried hat tongersdeitejûn oer de nammejouwing praat fan de fúzjegemeente. In lytse mearderheid fan de ried hat tongersdei ynstimd mei dy nammejouwing.

Dy mearderheid giet dus mei mei de útslach fan it referindum, dat ein ferline jier hâlden waard. Doe stimde hast 60 persint foar Súdwest Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)