Wer staking by Romein Beton

© Omrop Fryslân
Der wurdt freed op 'e nij staakt by Romein Beton op 'e Gordyk. By it bedriuw wurdt de hiele dei net wurke. De fakbûnen binne lulk oer de -wat se neame- yntimidearjende hâlding fan de bedriuwslieding. Dy soe wurknimmers twongen hawwe in kontrakt foar outplacement te tekenjen. De bûnen wolle dêr lykwols in goeie ôfskiedsregeling by hawwe.
Romein Beton ferpleatst de aktiviteiten nei Dodewaard. Dat kostet 19 minsken harren baan.