Probleembern faker thús

© Omrop Fryslân
It tal bern mei gedrachsproblemen dat net mear nei skoalle giet sil tanimme. Dat ferwachtet direkteur De Boom fan Renn4, de Noardelike ûnderwiisorganisaasje foar probleembern. It budzjet giet troch besunigings troch de helte, mei ûntslach foar sa'n 400 meiwurkers.
Boppedat hâldt men op mei de begelieding fan bern yn it gewoane basisûnderwiis. In protte fan dy bern gean dan hielendal net mear nei skoalle, ek al binne se learplichtich.