Heger berop saak Pietje Bouma

31 mrt 2011 - 17:18

It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert giet yn heger berop yn de saak Pietje Bouma. De 48-jierrige fertochte yn dy saak waard trije wiken lyn ta tolve jier sel feroardiele fanwege deaslach.

De rjochtbank fûn dat net bewiisd wurde koe dat de fertochte it slachtoffer mei opsetsin fermoarde hat. Justysje tinkt dêr oars oer en hat dêrom berop oantekene. It Iepenbier Ministearje hie tweintich jier sel easke. Pietje Bouma waard yn maart 2010 om it libben brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)