Oanpak knipepunten Wolvegea

© Omrop Fryslân
100 learlingen fan it Linde College yn Wolvegea ha foar de gemeente yn kaart brocht wêr't gefaarlike krúspunten binne foar fytsers en fuotgongers. De bern fan it Technasium diene ûndersyk nei gefaarlike ferkearssituaasjes. Ek kamen se mei oplossings foar de problemen.
De learlingen presintearden tongersdei de resultaten oan wethâlder Jongebloed fan Weststellingwerf. Hy is bliid mei it ûndersyk en wol sjen hokker gefaarlike krúspunten hy oanpakke kin.