Fraude meiwurker belesting

31 mrt 2011 - 15:34

In meiwurker fan de belestingtsjinst yn Ljouwert is op non-aktyf set om't hy fraudearre ha soe. Hy is yn febrewaris mei noch twa oaren oanhâlden. Dy oanhâlding folge op in ûndersyk fan de FIOD. de fiskale opspoaringstsjinst. Sy krigen dizze hjerst fan de belestingtsjinst troch dat der fraudearre wie.

It soe gean om bedroch mei it weromjaan fan omsetbelesting. De belestingtsjinst hat maatregels naam om werhelling foar te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)