Geert Kuiper langer by TVM

31 mrt 2011 - 14:44

It kontrakt fan reedrydcoach Geert Kuiper by de TVM ploech is mei in jier ferlinge. Kuiper bliuwt no yn alle gefallen oant en mei it seizoen 2011-2012 yn tsjinst fan de ploech dêr't ek Sven Kramer foar rydt.

It management fan TVM neamt de ferlinging in logyske stap omdat de rol fan Kuiper binnen de ploech, syn sprintkennis en de stipe dy't hy jaan kin oan de haadcoach Gerard Kemkers, wichtich is foar it hiele TVM team.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)