Lieuwe Westra lieding kwyt

31 mrt 2011 - 14:36
  • Lieuwe Westra

Lieuwe Westra is tongersdeitemoarn yn de tredde etappe fan de ronde fan de Panne de lieding kwyt rekke oan de Belg Bert de Backer. De Backer stie gelyk mei Westra mar pakte yn in tuskensprint twa bonussekonden. De etappe waard wûn troch de Italiaan . Jacopo Guarnieri.

Westra start yn de ôfslutende tiidrit middeis wol as favoryt foar de einoerwinning. Alle erkende tiidriders stean yn it klassemint achter him.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)