Opstelling SC Cambuur ûnwis

31 mrt 2011 - 13:16

De Cambuur trainers Arts en De Jong binne noch net út de opstelling fan Cambuur foar de útwedstriid tsjin Veendam. Martijn van der Laan hat de ankelbannen skuord op de training en is 4 oant 6 wiken útskeakele.

De trainers wolle in 'linkspoat' op de backposysje en puzzelje der noch oer wa't dat wurde moat. Türk en Diaz lykje de kandidaten te wêzen. De wedstriid tsjin Veendam is krúsjaal foar Cambuur. Winst betsjut oansluting krije mei de top fjouwer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)