Asylsiker earder oan hûs helpe

31 mrt 2011 - 12:16
  • It AZC fan Appelskea

Yn Fryslân komme koördinatoren om asylsikers mei in ferbliuwsfergunning earder oan in wenning te helpen. Sy moatte it wurk fan gemeenten, it COA, it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers en wenningkorporaasjes opelkoar ôfstimme. It giet om in lanlik proefprojekt. It duorret no faak fjouwer moanne langer as needsaaklik foardat der in hûs fûn is. Minsken sitte dan ûnnoadich lang yn in AZC.

De koördinatoren moatte der foar soargje dat dat koarter wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)