Trije himpkwekerijen oprôle

31 mrt 2011 - 11:14

Yn Ljouwert hat de plysje woansdei op trije plakken ûndersyk dien nei himpkwekerijen. Yn in hûs oan it Noardvliet fûnen de plysjeminsken in lytse droechromte foar himp. Oan de Veestraat waard in kwekerij oantroffen.

Fierder waard ek noch in ynfal dien yn in garaazjeboks oan de Haydnstrjitte. Ek dêr wie in kwekerij. Ferskate minsken binne oanhâlden en ferheard. Alle apparatuer en planten binne yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)