Mishanneling yn Boelensloane

31 mrt 2011 - 10:51

Yn Boelensloane binne yn de nacht fan woansdei op tongersdei twa Poalen fan 40 en 47 jier oanhâlden, omdat sy in oare man mishannele hiene. It slachtoffer moast behannele wurde troch in dokter.

De trije hiene spul meielkoar krigen, mar wêr't it om gie is net bekend. De plysje hat de beide Poalske manlju yn de sel setten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)