Sigaretten stellen De Hommerts
By in tankstasjon oan de Hofdyk op De Hommerts is yn de nacht fan woansdei op tongersdei in flinke berch sigaretten stellen.
Om healwei trijen gong it alarm ôf en waard de plysje warskôge. Dy trof in gaos oan yn it tankstasjon. De dieven binne binnenkaam troch in doar te fernielen.