De Tike moat 'lustoarde' wurde

30 mrt 2011 - 19:53
  • it lânskip fan De Tike is bysûnder

It doarp De Tike moat wer de lustoarde wurde dat it oait west hat. Dat is de bedoeling fan it projekt "Singellân en doarp yn it Grien".fan de gemeente Smellingerlân en lânskipsbehear Fryslân. It âlde lânskip mei singels moat sa goed mooglik behâlden bliuwe.

Bewenners kinne singels mei in lytse eigen bydrage opknappe en it is ek mooglik om nije singels oan te plantsjen. De beplanting yn it doarp en de oanlis fan in kuierpaad en it pleatsen fan bankjes binne ek ûnderdiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)