Juventus folget Assaidi

30 mrt 2011 - 19:38

Hearrenfeanspiler Oussama Assaidi soe yn de belangstelling stean fan Juventus. Dat meldt de Italiaanske webside Notiziariosportivo. Neffens Assaidi syn saakwaarnimmer Slimani hat de klup him noch net meldt foar Assaidi.

De Marokaansk ynternasjonal is dwaande oan in goed seizoen en kaam neffens de Italiaanske webside yn byld troch de spektakulêre oerwinning fan Hearrenfean op FC Twente, wêryn Assaidi trije kear skoarde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)