Omrop begjint mei Koperkanaal

Jan Ottevanger
Omrop Fryslân begjint woansdei in nij webradiostasjon mei hafabramuzyk. Op www.koperkanaal.nl is muzyk foar leafhawwers fan muzyk fan harmony, fanfare en brassband. Op it kanaal binne unike opnamen te hearren dy't de Omrop makke hat. Dêrmei is it argyf fan de Omrop foar in breed publyk beskikber.
De start fan it kanaal is yn Oentsjerk by in konsert fan De Bazuin ta gelegenheid fan it ôfskied fan Omropmeiwurker Jan Ottevanger.