Reidbrân yn polder Ryptsjerk
Der hat woansdeitemiddei in koarte, fûle brân yn 'e Ryptsjerksterpolder west. Yn dizze polder stekke reidsnijers sa no en dan kontrolearre reid yn 'e brân. Op in gegeven stuit rûn dat wat út 'e hân.
De brânwacht kaam yn aksje. Al gau die bliken dat der gjin gefaar wie foar it natuergebiet. It fjoer is nei in pear oeren fansels útgien.