Wettergongen nei it Wetterskip

30 mrt 2011 - 14:21

Wetterskip Fryslân nimt de kommende fjouwer jier it ûnderhâld fan alle wettergongen fan gemeenten oer. It giet om it ûnderhâld fan fearten, grêften, gemalen en keardammen binnen de beboude kom.

Yn in soad beboude gebieten soargje de gemeenten no sels noch foar it ûnderhâld. Uterlik yn 2015 moat it wetterskip dit oernommen ha. It wetterskip en de gemeenten sille de kommende jierren ôfspraken meitsje oer de oerdracht fan it ûnderhâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)