Moke op Befrijingsfestival

30 mrt 2011 - 14:10

De bands Moke en Racoon binne de haadacts op it Befrijingsfestival yn Ljouwert dit jier. Moke sil mei in helikopter nei Ljouwert takomme. Neist de beide populêre Nederlânske bands sille ek wat minder bekende bûtenlânske artysten spylje. De band A Silent Express út Ljouwert spilet ek.

Op 5 maaie is der fierder op de Griene wei in befrijingsmerk en sille sa'n tweintich legerweinen te sjen wêze. Yn de Prinsetún is in program mei omtinken foar de bern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)